Eigener & Staazje/Praktykbegelieder
SBB-Erkenning foar Bakkerij en Horeca
Hoi, myn namme is Aaldert Bruinsma en tegearre mei myn frou bin ik sûnt 1 febrewaris 2019 grútske eigner fan Bakkerij Braaksma. Foar my is it in dream dy útkaam is: selfstanniche wêze yn in berop wer ik lokkich fan wurd.
Ik fyn it dan ek moai om te sjen dat net allinne myn frou en ik, en fansels ús meiwurkers, san pasje foar it bakkers ambacht ha, mar ek leerlingen en studinten. De jeugd hat de takomst en ek foar harren is it belangryk dat sy doche wer at sy harren goed by fiele.
Om dyselde reden bin ik dan ek in SBB-werkind staazjebegelieder en binne wy as bedriuw ek as (aspirant)lid oanslúten by it Bakery Sweets Center.
Hjirûnder fynst in trijetal opsjes dy wy biede. Wy nimme fan alles niveau's wol leerlingen as studinten oan. Ús team fan meiwurkers is ek hiel gefarieerd en dat soarchet foar in leersûme en fertrouwde omjouwing.Yn de drokkere tiid fan it jier (septimber oantemei desimber) is der binnen ús bedriuw gjin plak om snuffelstaazje te rinnen. Ús erfaring hjirmei is dat wy dan te min tiid ha om de leerling/studint dan goed genoch begeliide te kinnen. Yn dizze selde periode nimme wy om dy reden ek gjin studinten oan dy krekt begûn binne. In bepaalde mate fan selstanichhiid en kennis is yn dizze tiid wol fan belang. Dochsto dus niveau twa as heecher? As bitsto in BBL'er as al ôfstudearre bakker? Dan meitsto ús in dezze tiid ek gewoan oanskriuwe.
(Snuffel)Staazje by Bakkerij Braaksma
Of't no in snuffelstaazje is of in staazje fanút de bakkersoplieding, kansen binne der wol. Alinne yn de periode fan (Septimber - Desimber) nimme wy gjin snuffelstaazjes oan en ek gjin eerstejiers fan it mbo. Dit fanwege de begeleiding dy wy graach biede wolle plus de selsstânnichhiid en kennis dy wy fan dy as leerling/studint freechje. Sollisitearje kin fia hiltje@bakkerijbraaksma.nl. Graach yn de biilage in motivaasjebrief en cv meistjoere. Eventuele skoalopdrachten ek graach yn dizze selde mail meistjoere. Skilje (058-2563001) kin ek. Freechje dan nei Hiltje Bruinsma. Tiidens dyn ôfspraak graach boppesteande dokuminten meinimme.
Wurkje en leare by Bakkerij Braaksma
Is staazje rinne net dyn ding? Bist in echte learder yn de praktyk? Bitsto selsstannich en hâlds wol fan oanpoatsje? Dan is wurkje en leare by ús miskien wol wat foar dy. Sollisitearje kin fia hiltje@bakkerijbraaksma.nl. Graach yn de biilage in motivaasjebrief en cv meistjoere. Eventuele skoalopdrachten ek graach yn dizze selde mail meistjoere. Skilje (058-2563001) kin ek. Freechje dan nei Hiltje Bruinsma. Tiidens dyn ôfspraak graach boppesteande dokuminten meinimme.
Wurkje by Bakkerij Braaksma
Bitsto in echte moalsnúver? Hâldsto wol fan drok besich wêze en bitsto net bang foar smarrige hânnen? Dan is in baan by ús miskien wol wat foar dy! Krekt as alle oare bakkers en bedriuwen binne ek wy op syk nei échte fakminsken. Dit kin fansels ferskille fan winkelmeiwurker, bakker as skjinmakker, dochs komme sy allegear fan pas. Sollisitearje kin fia hiltje@bakkerijbraaksma.nl. Graach yn de biilage in motivaasjebrief en cv meistjoere. Skilje (058-2563001) kin ek. Freechje dan nei Hiltje Bruinsma. Tiidens dyn ôfspraak graach boppesteande dokuminten meinimme.
Om dy te helpen mei dyn tarieding hjirûnder al in pear tips & tricks. Net alles sil miskien fan tapassing wêze op dy, doch foaral dyn foardiel mei de dingen dy dat wol binne.
Instagram: @ambachtelijkebakker
Copyright © Alle rechten voorbehouden
Facebook: @bakkerijbraaksma