Ûntdek

ÚS FERHAAL

Ambachtelijke Bakkerij Braaksma is in echt begryp yn de Trynwâlden én der bûten. Wa't Braaksma seit, seit kwaliteit. De bakkerij hat in goede namme foar himsels opboud. Ûnder oare troch mei te dwaan oan fakwedstriiden en mei it beheljen fan it "Bekroond met Goud"- karmark op harren produkten.


Yn 2019 hawwe Aaldert en Hiltje Bruinsma de bakkerij oernaam. Sy binne grútsk op harren bedriuw en de minsken dy foar harren wurkje. De pasje foar it ûndernimmen ûntstie by Aaldert al ridelik gau tiidens syn oplieding. Yn dyselde tiid moette hy Hiltje ek en krige har hielendal mei yn de leafde foar it bakkersfak. Sy hawwe in soad ambysje om de kwaliteit heech te hâlden en eltsenien fan bôle en oar "lekkers" te fersjin. 


It bedriuw, sa at de skiednis ek witte lit, is in echt famyljebedriuw. Der binne dan ek in soad bekinde gesichten foar de klant. Dy gesichten jouwe de minksen in gefoel fan thúskomme. Sy jouwe net alinne har bestelling troch, mar hawwe ek efkes in praatsje mei inoar. Ek dat heart der by. 


Skiednis:

De bakkerij bestiet al sûnt 1987 en is oprjochte troch Jerke en Griet Braaksma. Beide namen in soad kennis mei fanút harren wurk as dosint. It bedriuw hie dermei in goeie basis.Troch de jierren hinne waard de klantekring grutter en wreide de bakkerij fysyk ek út. Hjir en der is dit ek noch oan it pân te sjen. 

Troch it grutter wurden kaamen der fansels ek mear wurksumhiiden by. Dat de trije bern fan it stel wienen dan ek gauris yn de bakkerij te fynen. De soan sels wat faker, hy gie letter mei yn de V.O.F. fan syn alden. Nei de oername yn 2019 hat hy ek noch in skofstje foar Aaldert en Hiltje wurke oantemei hy earne oars in kans krige dy him better lei.


Jo smaak hat ús oandacht!


Efter

DE SKERMEN

Moetsje

ÚS TEAM

Hjirneist fynst in foto fan ús team. Wy probearje dy foto sa folle mooglik 'up to date' te hâlden. Derneist sille der ek in soarte fan portretfoto's fan eltse wurknimmer en de eigeners komme mei in lyts ferhaaltsje oer wa't sy binne, wat harren wurksûmhiiden binne en op hokker dagen sy yn de bakkerij te fynen binne.

TEAM BRAAKSMA

Copyright © Alle rechten voorbehouden

Dizze webside makket gebrûk fan saneamde "cookies". Troch te klikken op "Akseptearje" geane jo akkoord mei it gebrûk fan cookies.

Akseptearje