Ús ynfestearring yn in duorsûmme,
ambachtlike bakkerij



Útlis


Bêste Klant ,
Sa ' t jo miskien witte is it al wer in lytse trije jier lyn dat wy (Aaldert en Hiltje) Bakkerij Braaksma oernaam hawwe . Wat giet de tiid hurd , hin ?!

Yn dy tiid ha wy al in soad ynvestearrings dien om de bakkerij syn goede namme te bewarjen en tagelyk ek mei de tiid mei gean te litten . Sa dogge wy ûnder oare mei oan Bekroond Mei Goud , nimme wy diel oan wedstriden en ynvestearje wy yn duorsumens.


Sa hawwe wy in pear stappen nommen op it gebied fan it tebek bringen fan verspilling. Wy sjogge it as ús maatskiplike plicht om it goede foarbyld sjen te litten op it gebied fan verspilling en duorsumens. Jo fine dêrom yn de winkel in kuorke mei 10 % produkten. Dizze produkten binne noch goed op in breukje of barstje nei. Dêrneist wurkje wy gear mei Too Good to Go. Bôle is op it stuit it meast ferspille produkt op ' e wrâld!


In oare, en wat gruttere ynvestearring op it gebied fan duorsumens is de oanpassing yn ús wurkwize oangeande it bakken. Wy binne sûnt maaie oer stapt op in oar proses. Dat proses wurdt remriis neamd. In remriis is in riis dy ' t útfierd wurdt by in lege temperatuer dêr ' t it gist yn it daai minder gau kooldioxide ôfjout , wêrtroch it daai minder gau rizet. Hoe koeler it daai hâlden wurdt, wat stadiger it daai rizet. Dizze wize fan daai rize litten hat, dat wy effisjinter wurkje kinne. Wy binne op dizze wize minder net needsaaklike tafoegingen nedich, hoege net mear ’s nachts ús bêd út en wy kinne dêrtroch ek mei vollere ûnen bakken, dêrtroch kinne wy ek suniger mei gas en elektra omgean.


Op grûn fan dit remriis-proses binne wy noch foar in part lerende yn hoe ' t wy de goeie kwaliteit fan ús bôle garandearje bliuwe kinne. Sa ' t jo sels hjir en dêr al fernommen hawwe skommelet de kwaliteit fan bepaalde soarten fan bôle. Krekt as jo, fine wy dat spitich. Jo feedback yn it proses is derom tige wichtich . Mei wat jo ús fertelle en sjen litte kinne wy it proses sekuer folgje en útfine wêr ' t wy noch ferbetteringen oanbringe kinne.

Bliuwe jo dêrom foaral mei ús it petear oangean. Wy wolle jo op it lêst graach hâlde as klant . Wy kinne jim net ta sizze, dat it fuort 'n daliks,  yn in dei of in wike oplost is. Wol kinne wy ta sizze, dat wy ús bêst dwaan bliuwe en ek alle war dwaan wolle om dizze útdaging oan te pakken en te soargjen, dat jim ek wer tefreden binne oer de bôle dat jo by ús keapje.


Soene jo dêrom ús bakkers en winkeldames dêryn helpe wolle troch saken wol oan te jaan bygelyks as jo mear as oare feroaringen fernimme? Dat kin spitigernôch betjútte dat it noch net goed is, it kin ek wêze dat jo ús oer in skofke fertelle kinne, dat it wer krekt is sa ’ t jo it wend binne.


Wy tankje jo dêr fêst foar jo begryp , tiid en muoite .


Mei hertlike groet ,

Team Ambachtelijke Bakkerij Braaksma

Help ús


Jo smaak en erfaring binne wichtig foar ús. Lykas jo ideeën. Tegearre kinne wy in soad berikke.

Gean mei ús yn petear


Wy lústerje graach nei ús klanten en fine it belangryk om te witten wat sy fan ús produkten fine.