Gjin nocht om sels mei de "knyntsjedagen" oan de gong te gean foar brochje op bêd, lunch mei de famylje as brunch mei de freonegroep? Of gewoan hiel graach immen yn it sintsje sette wolle, in jubileum fiere of tiidens in fergadering?
Tink dan ris oan ús oanbod yn brochjes, brunches en lunches. Fia de knop "mear" kinne jo drekst bestelle yn ús webwinkel.
Minimaal 2 persoanen
Jo kinne by ús al in útwreide as sels luxe moarnsbrochje bestelle fanôf 2 persoanen. Leaver foar 1 persoan bestelle? Dan kinne jo foar it "Small"-pakket kieze. Dan graach efkes mei ús maile as skilje oer de mooglikhiiden. Beide kearen graach oanjaan dat jo oerlis wolle mei Aaldert as Hiltje Bruinsma.
Minimaal 2 dagen fan te foaren
Yn ferbân mei it ynkeapjen fan ûnder oare beleg en drinken, freechje wy jo om de bestelling foar in bedriuwslunch minimaal 2 dagen fan te foaren, fia e-mail, troch te jaan.
Minimaal 8 persoanen
Jo kinne by ús al in lunch bestelle fanôf 8 persoanen. Is jo groep lytser dan 8? Dan graach efkes mei ús maile as skilje oer de mooglikhiiden. Beide kearen graach oanjaan dat jo oerlis wolle mei Aaldert as Hiltje Bruinsma.
Minimaal 2 dagen fan te foaren
Yn ferbân mei it ynkeapjen fan ûnder oare beleg en drinken, freechje wy jo om de bestelling foar in brunch minimaal 2 dagen fan te foaren, fia e-mail, troch te jaan.
Minimaal 10 persoanen
Jo kinne by ús al in lunch bestelle fanôf 10 persoanen. Is jo groep lytser dan 10? Dan graach efkes mei ús maile as skilje oer de mooglikhiiden. Beide kearen graach oanjaan dat jo oerlis wolle mei Aaldert as Hiltje Bruinsma.
Minimaal 2 dagen fan te foaren
Yn ferbân mei it ynkeapjen fan ûnder oare beleg en drinken, freechje wy jo om de bestelling foar in lunch minimaal 2 dagen fan te foaren, fia e-mail, troch te jaan.
Ambachtelijke Bakkerij Braaksma wil graag je feedback. Post een review op ons Google-profiel. Of volg ons via social media.
https://g.page/r/CRsHBuNDqDm4EA0/review
Facebook: @bakkerijbraaksma
Instagram: @ambachtelijkebakker
IBAN: NL59 RABO 0336 3282 57 - KVK nummer 72980966 - BTW nummer NL002270498B96
Copyright © Alle rechten voorbehouden